Oefen weekend in september 2017

17 september 2017 - Weert, Nederland

Op paad nei Rome

Yn it wykein fan 15 septimber binne wy mei 5 froulju út Wytgaard útein set nei Weert yn Limburch. In proefwykein om te sjen at wy yn etappes nei Rome fytse kinne. Allegeare in Koga ûnder de kont, in wetterfleske op de stange en it reinpak yn de fytstas. Ik tink dat immen in gebedsje foar ús dien hat want dat reinpak ha we mar in oere nedich han. We hienen prachtich waar en mar in bytsje wyn wat in goed teken wie om it eindoel te heljen.  We wienen allinnich wat te optein west oer  de ôfstân dy’t wy fytse moasten. It doel wie om yn trije dagen 320 km nei Maastricht te fytsen. Mar lokkich foar ús hie de NS it spoar tusken Weert en Maastricht krekt dat wykein yn ûnderhâld en koenen we net fan Maastricht ôf mei de trein nei hûs. Weert waard dus ús eindoel.

Wat ha wy in moai wykein hân. Wy wisten net dat fytsen sa leuk wie! Sa folle leuke minsken lâns de kant fan de dyk dy’t ús somtiids  goeie advizen joegen, bygelyks yn Akkrum:  Wêr sille jim hinne froulju? Dit is in dearinnende dyk… Wy hienen de tomtom mei op de telefoan mar woenen dy noch net foar Hearrenfean oan sette. Dat koenen wy dochs sa wol fine!

In Wolvegea ha we oan de kofje mei gebak sitten bij bakkerij Vliegendehond, waans famylje oarspronklik út Wytgaard komt.

By Giethoorn moast de bân fan Ivon har fyts plakt wurde. In leave man mei  fytsferhier en tankstation hat dat foar har dien. It boerd mei “ik ben achter in de werkplaats“ kaam foar it rút.  Spitich genôch moast Ivon de twadde dei  ôfheakje mei in seare knibbel en ha we mei syn fjouweren de tocht útfytst.

We moatte no noch efkes sleutelje oan ús seal en dan kinne we folgjend jier starte mei de reis nei Rome.

Foto’s

4 Reacties

  1. Dieuwke:
    24 april 2018
    In soad succes freed
  2. Nienke:
    25 april 2018
    Wat sjocht dizze reislog dr moai út. Leuk om jim sa te folgjen. Folle sukses en foaral in protte plesier!
  3. Janke van der Werff:
    25 april 2018
    Ik winskje jimme in moaie fytstocht nei Basel. Genietsje derfan!
  4. Renate:
    27 april 2018
    Sukses froulju!
    En folle plezier.
    Groetsies!